FlixBus wreidet tal halten en bestimmingen út yn Fryslân

04 jul 2018 - 14:32

It Dútske busbedriuw FlixBus wreidet it oantal haltes en en bestimmingen yn Fryslân flink út. Mei yngong fan woansdei hawwe Ljouwert en Harns ferbiningen mei Amsterdam, Skiphol, Rotterdam, Den Haach, Gent, Kortrijk, Lille en Lens.

Foto: Omrop Fryslan

As je ûnderweis oerstappe, kinne je mei-inoar 1700 bestimmingen yn Europa berikke.

Flixbus bestiet sûnt 2013 en rjochtet him op busferbinings op de lange ôfstân. Sûnt 2016 binne der ek haltes yn Fryslân. Foar de ritten wurde faak regionale partners socht dy't de ritten echt fersoargje.

Trefwurden: 
Flixbus
(advertinsje)
(advertinsje)