Halbe Zijlstra giet net nei de Wereldbank

04 jul 2018 - 12:35
Halbe Zijlstra - Foto: ANP

De eardere VVD-minister Halbe Zijlstra fan Easterwâlde hat himsels weromlutsen út de sollisitaasjeproseduere foar de Wereldbank. Hy kiest foar it bedriuwslibben, dêr't hy de lêste moannen in baan socht. Zijlstra, earder ek foarsitter fan de VVD-Twadde Keamerfraksje, wie troch premier Rutte nei foaren skood as opfolger fan de Nederlanner Frank Heemskerk by de Wereldbank yn Washington.

Der ûntstie in soad opskuor doe't dat bekend waard. Zijlstra moast yn febrewaris dit jier ôftrede as minister fan Bûtenlânske Saken, nei't hy in besite oan de Russyske presidint Poetin betocht hie.

(advertinsje)