Drachtster diskoteek mei eksploitanten fiif jier net yn tsjinst nimme

04 jul 2018 - 11:50

De Grinzer hoarekaman Just van Bodegom mei de eardere eksploitanten fan disko's Feu en Champino yn Drachten de kommende fiif jier net yn tsjinst nimme. Dat hat de Ried fan Steat woansdeitemoarn sein. It wurkferbod jildt net allinnich foar de twa Drachtster hoarekasaken, mar ek foar oare hoarekasaken fan Van Bodegom.

Foto: Google Streetview

De boargemaster fan Smellingerlân hie it wurkferbod earder opnaam yn de hoarekafergunning foar Van Bodegom. Dat hie de boargemaster dien nei it fallisemint fan de twa eksploitanten, twa broers. De boargemaster is benaud dat beide by it fallisemint hast in ton oan belestingjild efterhâlden hawwe, en dat se dat fia in konstruksje mei Van Bodegom wytwaskje wolle.

(advertinsje)