Gjin bom by Abe Lenstra Stadion, ûndersyk klear

04 jul 2018 - 11:33
Foto: Omrop Fryslan

Der is gjin bom oantroffen by it Abe Lenstra Stadion, dat makke de plysje niiskrekt bekend. It stadion en de gebouwen dêr fuort njonken wurde oan it begjin fan de middei wer frijjûn.

Woansdeitemoarn betiid kaam der by it stadion fan Sportklup Hearrenfean in bommelding binnen. Fuort dêrnei waarden it stadion en de bedriuwen der flak omhinne ûntromme. De plysje hat ûndersyk dien mei speurhûnen en in bomferkenner. Der is noch neat bekend oer in mooglik motyf of in fertochte.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra mei de lêste stân fan saken

Trefwurden: 
Abe Lenstra Stadion
(advertinsje)