NVM-foarsitter Ger Jaarsma hâldt takom jier op

04 jul 2018 - 11:08

Ger Jaarsma út Ljouwert hâldt yn 2019 op as foarsitter fan de lanlike makelersferiening NVM. Hy makket syn termyn oant april 2019 ôf. Woansdei makke it Financieele Dagblad bekend dat der grutte ûnrêst is ûnder de leden oer it funksjonearjen fan Jaarsma. Yn in brief sizze 3600 fan de 4000 NVM-leden it betrouwen yn de Ljouwerter op. Hy soe tefolle syn eigen belang tsjinje en fierder soe de relaasje mei de wensite Funda net goed wêze.

Ger Jaarsma - Foto: NVM

Ek de Fryske ôfdieling hat de brief ûndertekene en is it yn grutte linen eins mei de krityk. Albrecht Kok, fan de Fryske NVM-ôfdieling, fynt it spitich dat it sa giet en dat de brief yn de parse kaam. Hy fynt it prima dat Jaarsma syn termyn ôfmakket, mar freget him ôf oft it handich is mei it op each de lange termyn. De lederied komt tongersdei byelkoar om oer de sitewaasje te praten.

Trefwurden: 
NVM makeler Ger Jaarsma
(advertinsje)