Noch neat oantroffen by Abe Lenstra Stadion

04 jul 2018 - 10:56
Foto: CAMJO media

De plysje hat yn har ûndersyk noch neat oantroffen by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Woansdeitemoarn betiid kaam der by it stadion fan SC Hearrenfean in bommelding binnen. Fuort dêrnei waard it stadion en de bedriuwen der flak omhinne ûntromme.

De ferwachting is dat it ûndersyk mei speurhûnen en in bomferkenner oan de ein fan de moarntiid klear is. It gebiet om it stadion hinne sil dan oan it begjin fan de middei wer frijjûn wurde.

Trefwurden: 
plysje Abe Lenstra Stadion
(advertinsje)