Meiwurkers SC Hearrenfean bot skrokken fan bommelding

04 jul 2018 - 10:21

De meiwurkers fan SC Hearrenfean binne bot skrokken fan de bommelding dy't woansdeitemoarn om healwei seizen by it stadion binnen kaam. Fuortendaliks nei de melding is it feilichheidsprotokol, dat de klup foar ditsoarte situaasjes ynsteld ha, yn wurking gong. De eigen feilichheidsminsken hawwe derfoar soarge dat eltsenien op de hichte is en dat de minsken it stadion sa gau as mooglik ferlitte koene. Dêrnei binne it stadion en de omjouwing ôfsetten.

Foto: Omrop Fryslan

De direksje, plysje en de gemeente ha dêrnei yn de keamer fan de boargemaster krisisoerlis hân. De meiwurker dy't it driichtelefoantsje opnaam, is opfongen. De plysje hat de Abe Lenstra bûlevaar ôfsletten. Gebouwen yn de omjouwing binne trochsocht, derby binne ek speurhûnen ynset. It Friesland College neist it stadion en kantoaren yn de omjouwing, binne yn de rin fan de moarn wer frijjûn. It ûndersyk konsintrearret him no op it stadion.

Erik Kofman, wurdfierder SC Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)