Iceman-metoade hieltyd mear akseptearre

04 jul 2018 - 10:01

De iiswetterbehanneling en kâld wettermetoade dy't ûnder oaren de Iceman Wim Hof en ek syn Fryske adept Evert Hettema út Ljouwert tapasse, wurdt hieltyd mear troch it medyske sirkwy akseptearre. Sa is it AMC sikehûs yn Amsterdam mei in ûndersyk úteinset om te sjen oft de Iceman-metoade effektyf genôch is om yn in behannelingspakket opnommen te wurden. Ut eigen ûndersyk hat nammentlik bliken dien dat 30 persint fan de kliïnten, dy't kâld dûse, minder lêst hat fan syktefersom.

Evert Hettema docht de Iceman-metoade yn in bad mei iis - Foto: Ronnie Porte

Ek soarchfersekerder De Friesland bringt de metoade fia har webside no ûnder de oandacht fan har kliïnten, omdat dizze in posityf effekt op de sûnens ha kin. Ek kinne minsken dy't lêst ha fan groanyske sykten baat fine by de metoade. Woansdei 18 july hâldt De Friesland in workshop wêrby't kliïnten praktyske ûnderfining opdwaan kinne mei de metoade.

Evert Hettema yn in bad mei iis - Foto: Ronnie Porte
Trefwurden: 
Iceman iis
(advertinsje)