Kollum: "Oerdreaun"

04 jul 2018 - 07:59

"As jim dit rubrykje wat kenne, witte jim dat ik eins de lêste wêze mei dy't seit dat in oar oerdriuwt. En dochs sis ik it. Fryslân en de Friezen oerdriuwe alderôfgryslikst. As toanbyld dêrfan komme der yn augustus gjin minsken, mar reuzen nei Ljouwert.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Nim no it gas. Dêr moatte we mei ophâlde. Bêst. Mar se komme no deistich twa kear oan de doar as ik it gas der ek út dwaan sil. Garyp wol it earste gasfrije doarp wurde. Lokkich ha de Fryske gemeenten in oare Fryske tradysje heech te hâlden en dat is dat se net witte hoelang as in oere duorret. Krekt as mei de wynmûnen. Dêr binne we al sa'n 12 jier oer oan it praten en dy komme der ek noch lang net. Mar dat komt miskien ek wol omdat se wer sa oerdreaun 200 meter hege wynmûnen ha woenen yn in stik lân dat sa'n acht meter ûnder de seespegel leit.

En nim no dat Elfwegentochtgedoch. Prima dat we om it klimaat tinke. Mar om dan fuort twa wiken sá alderheislikst te drammen oer alderhande normale saken is oerdreaun. Der kaam fan 'e wike sa'n fleurich skjin enerzjyfol Elfwegentochtfamke oan de doar en dy frege oft ik myn gehoarapparaten twa wike oan de kant lizze wol, want dy frette batterijkes. Ik ha har net ferstien.

Yn Weststellingwerf, in gemeente dy't him nea oerdreaun melden hat de lêste 500 jier, hat de ried besletten net mear yn de slach te gean oer fúzjes. Unnoazel, mar goed, se meie sels beslisse. Dus dêr wurdt net oer praten. Mar seit de partij Blijf Stellingwarfs, dy hat twa fan de 21 sitten yn de ried. Yn it profyl foar de boargemaster dy't der yntusken sit, Van de Nadort, stie dat hy fúzjepetearen fiere moat. Want dat soe hy dwaan moatte as de ried dat ek woe. Mar no wol Blijf Stellingwarfs dat soks út dat profyl helle wurdt, mei weromwurkjende krêft. Ik neam dat folstrekt oerstallich formalisme. Dom gepraat, sis mar oerdreaun. Sa oerdreaun dat ik hoopje dat Van de Nadort fan 'e wike mei Harry Oosterman op in terraske sitten giet en de fúzje mei East ree makket.

Drachten hat syn keapsnein hân. As wie de Twadde Wrâldkriich ôfrûn, safolle lju wiene der no yn de Suderbuorren. Der wiene mear as doe yn april 1945. Dat is oerdreaun. Ik bedoel, dan moat der dus in alderheislikst langstme west ha nei de keapsnein yn Smellingerlân. Mar dan hat de polityk dat tsjin de mearderheid yn noait dwaan wollen en da's gemeen. Of dy mearderheid hat him altyd de bek hâlden. Mar ja, sa'n earste snein mei safolle folk en se sil wol in oerdreaun bytsje guod kocht ha, mar de winkellju kin no net mear sizze: "We binne sa no en dan iepen." Alle sneinen, Drachten moat wat ynhelje.

Toerisme-ûndernimmer Albert Hendriks brûkte foar Omrop Fryslân it wurd krankjoarum. Dat is oerdreaun. Der is hjir yn Fryslân in soad ferkeard, mar dat komt net om't we krankjoarum binne, mar gewoan dom. Mar it is wol sa, as guon oerdreaune wurden as krankjoarum brûke, dan moatte je al efkes trochlêze, want sa't ik sei ek út dizze pinne floeie wolris krankjoarum oerdreaune wurden. Bygelyks tsien jier lyn oer it akwadukt yn de Skarster Rien en no krij ik pas gelyk.

Hendriks hie it oer kulturele haadstêd. Hy hie him realisearre dat july, mar benammen augustus, in eksploazje oan kulturele aktiviteiten hat. Dat hienen we ek al lang sjoen, Hendriks. Ek al ris ferteld dat in soad doarpen wat betocht ha, no moai krekt yn 2018. Mar dat is dus hielendal de skuld net fan kulturele haadstêd. Want dy jouwe dêr gjin stoer jild oan. Sette der inkeld sa'n read kopke by as de lju dat wolle. By ús yn it doarp hat de kafeehâlder sels kofjekoekjes yn de foarm fan it logo. It mei allegearre.

De mienskip, wy dus, hiene ús realisearje moatten dat we net alle jûnen op trije plakken tagelyk wêze kinne. Mar it is absolút net oerdreaun om grutsk te wêzen op in provinsje dy't him yn dizze prachtige simmer sa goed profilearret. Ik ha foar it oare wol oanstriid om no oer it ferfolch prate te wollen, mar ik bedimje my. Want dat soe no wer oerdreaun wêze."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)