Wenningmakelers wolle dat foarsitter Ger Jaarsma opstapt

Wenningmakelers fan de NVM wolle dat foarsitter Ger Jaarsma út Ljouwert opstapt. Der is binnen de makelersorganisaasje in machtsstriid geande, skriuwt it Financieele Dagblad. De makelers ha ein maaie it fertrouwen yn Jaarsma opsein. De moasje wurdt stipe troch alle 27 ôfdielingsfoarsitters Wonen, dy't tegearre sa'n 3600 fan de 4000 NVM-leden fertsjintwurdigje.
Yn in brief stiet in hurd oardiel oer de eardere direkteur fan de Nederlânske Kredytbank. Hy wurdt ûnbetrouber neamd, soe gjin ynformaasje diele en allinnich syn eigen belang tsjinje. De NVM soe boppedat allinnich mei de eigen organisaasje dwaande wêze en net mei it belang fan de leden.