RIVM: Keunstgers skealik foar direkte omjouwing

It brûken fan rubbergranulaat op keunstgersfjilden is skealik foar it miljeu yn de direkte omjouwing fan de fjilden. Ut de boltsjes rubber kinne stoffen lekke, dy't yn 'e grûn om de fjilden hinne terjochte komme kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM) en de Uny fan Wetterskippen (UVW).
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dat is neffens de ûndersikers net goed foar it ekosysteem, om't it de biodiversiteit oantaast. Boartsjende bern en húsdieren dy't by fersin grûn binnen krije, rinne gjin gefaar, neffens it ynstitút.
It RIVM hat ûndersyk dien by tsien keunstgersfjilden fan fuotbalklups yn Nederlân dy't bestruid binne mei rubbergranulaat fan âlde autobannen. Dêrby waard de kwaliteit fan it miljeu by de fjilden fergelike mei de miljeukwaliteit fan echte gersfjilden.
''Op diverse locaties overschrijden de concentraties zink, kobalt en minerale oliën de geldende normen voor bodem en waterbodem'', neffens it ynstitút.