Friezen jouwe Kulturele Haadstêd in 6,4 yn de earste trije moanne

In 6,4; mei dat sifer wurdearje de Friezen oant no ta it Kulturele Haadstêdjier. Dat docht bliken út de fuortgongsrapportaazje dy't tiisdei troch Deputearre Steaten presintearre waard. De wurdearring giet oer de earste trije moanne fan 2018.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dêryn giet it ûnder mear oer de wurdearring fan de Friezen foar Kulturele Haadstêd, mar ek oer media-oandacht en besikersoantallen fan de earste eveneminten. Wat dy wurdearring oanbelanget, binne der wol wat ferskillen. Sa jouwe minsken út Ljouwert Kulturele Haadstêd in heger sifer as minsken út de rest fan de provinsje. Ljouwerters wurdearje de eveneminten mei in 6,9, wylst minsken fan bûten de haadstêd in 6,2 jouwe.
Deputearre Sietske Poepjes oer de wurdearring fan Kulturele Haadstêd
Ek kwa belibbing is der in grut ferskil. Sa'n 76 persint fan de Ljouwerters jout oan wat fan Kulturele Haadstêd mei te krijen, wylst dat yn de rêst fan de provinsje krekt wat mear as de helte is.
Neffens deputearre Sietske Poepjes giet it pas om de earste eveneminten fan Kulturele Haadstêd. Sy ferwachtet dat it wurdearringssifer fan de Friezen allinne mar tanimme sil.