Hearrenfean mei dûbelde sifers foarby SC Stiens

Sportklup Hearrenfean hat tiisdeitejûn in ienfâldige oerwinning behelle yn in oefenduel tsjin SC Stiens. Op it sportpark yn Stiens wûnen de Feansters mei mar leafst 12-0. By rêst stie SC Hearrenfean al mei fjouwer doelpunten foar. Nei it skoft kamen dêr noch acht treffers by. Doelpunten kamen ûnder mear fan Rojas, Veerman, Zeneli, Mihajlovic (2x), Iredale (2x), Bruijn, Hornkamp en Vlap.
By de wedstriid tusken SC Hearrenfean en SC Stiens waarden tiisdei aardich wat ekstra maatregels nommen.