Ambulânsehelikopter kin net lânje by MCL fanwegen drone

03 jul 2018 - 20:07

In ambulânsehelikopter fan it UMCG koe moandeitenacht net fuortendaliks lânje by it MCL yn Ljouwert, om't dêr in drone omfleach. De piloat koe fanwegen de drone net op in feilige wize de lâning ynsette. Dêrtroch moast de helikopter ferskate rûntsjes fleane foardat de pasjint úteinlik yn it sikehûs brocht wurde koe.

It is net bekend fan wa't de drone is, en wat dy dêr boppe it sikehûs die. Sikehûs UMCG lit yn in reaksje witte dat se de hannelwize fan moandeitenacht oan it bepraten binne.

Trefwurden: 
Ljouwert MCL helikopter drone UMCG
(advertinsje)