Epke Zonderland docht wer mei oan it EK turnjen

03 jul 2018 - 19:54

Turner Epke Zonderland nimt foar it earst sûnt 2015 wer diel oan de Europeeske kampioenskippen turnjen. De spesjalist op 'e rekstôk rjochte him de ôfrûne jierren op de Olympyske Spelen en it WK yn Montreal. Om't er no klear is mei syn stúdzje genêskunde en it EK dit jier pas yn augustus hâlden wurdt, sit dielname der no wol yn.

Foto: ANP

Epke Zonderland is ien fan de fiif turners dy't selektearre binne foar it EK yn it Skotske Glasgow. De seleksje bestiet fierders út Bart Deurloo, Frank Rijken, Casimir Schmidt en Bram Verhofstad. In plak by de bêste fiif lannen is it doel fan de Nederlânske seleksje.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen EK
(advertinsje)