Gemeenteried unanym yn oanbefellingen Lawei-debâkle

03 jul 2018 - 19:47

De gemeenteried fan Smellingerlân is unanym akkoart gien mei de oanbefellingen fan de ûndersykskommisje om in nij debâkle lykas dat fan De Lawei foar te kommen. De ferbouwing fan it Drachtster teäter koste sa'n seis miljoen euro mear as begrutte. Ferantwurdlik wethâlder Marja Krans trede ôf om de kwestje.

De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de oanbefellingen wurdt ôfpraat dat der in profesjonalisearringsslach yn de gemeentlike organisaasje trochfierd wurde sil. Boargemaster en wethâlders sille op 1 oktober mei in plan fan oanpak komme.

Boargemaster Tom van Mourik fersekere de ried dat der gjin nije finansjele claims mear komme kinne, bygelyks fan boubedriuw Van Norel. Dat waard troch De Lawei oan de kant set fanwege flaters by de ferbouwing.

De rjochter fage dy aksje fan tafel. Van Mourik hat mei alle partijen praat en dat boek is ticht.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Riedsgearkomste oer foarkommen debâkles lykas dat fan De Lawei

(advertinsje)