Boskbrân oer de grins by Boyl, fjoer ûnder kontrôle

03 jul 2018 - 19:43

By Boschoord yn Drinte, krekt oer de grins by Boyl, is tiisdeitejûn in stik bosk yn 'e brân flein. Ferskate korpsen fan de brânwacht út Fryslân en Drinte waarden oproppen foar de brân en se binne manmachtich útriden.

De brânwachtminsken hawwe it fjoer yntusken ûnder kontrôle. Hoe't it fjoer krekt ûntstean koe, is noch net bekend. Fanwegen de oanhâldende drûchte wurdt al langer warskôge foar mooglike natuerbrannen.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
brânwacht brân Boyl Boschoord
(advertinsje)