Sierd van der Bij oer wetterkrapte yn syn Súd-Afrika: it wie op it rantsje

03 jul 2018 - 18:31

"De lêste twa moannen is der in hiel soad wetter fallen", fertelt Fries om utens Sierd van der Bij. Sûnt fjouwer jier wennet hy yn Kaapstêd yn Súd-Afrika. De ôfrûne moannen mocht er amper wetter brûke. It wie sa drûch yn it gebiet dat sprake wie fan in mooglike Day Zero. De dei dat der gjin wetter mear út de kraan komme soe.

Foto: ANP

Sierd van der Bij fan Burdaard oer de wettersituaasje yn Súd-Afrika

Mar sûnt in pear dagen jilde de maatregels net mear. "Yn de dammen sit no mear wetter as yn 2016. Wetterfallen rinne wer en tunen stean wer yn bloei. It is no winter yn Súd-Afrika. Oars falt der yn de winter genôch wetter, mar dat wie no net sa. Mar gelokkich is wer goed kaam. It wie op it rantsje. Jo moatte der net oan tinke wat der barre soe as in stêd mei 3,5 miljoen ynwenners lykas Kaapstêd sûnder drinkwetter komt te sitten."

Dochs is net eltsenien like bliid: "De priis fan wetter is de ôfrûne moannen bot omheechgien. De wetterliedingmaatskippij moast nije techniken ûntwikkelje om oan wetter te kommen. En dy priis giet no net nei ûnderen. Guon minsken binne dêr lulk oer".

It toerisme hat in flinke klap oprûn troch de drûchte. "As der by in hotel gjin wetter yn it swimbad sit, dan bliuwe de gasten fuort". Sierd van der Bij hat wol leard fan de lêste tiid om sels suniger mei wetter om te gean. In pear simpele saken lykas de kraan net rinne litte by it toskboarsteljen, dat docht er noch hieltyd.

(advertinsje)