Strange easken oan oefenwedstriid Stiens-SC Hearrenfean

Foar de oefenwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin de amateurs fan SC Stiens binne hiel wat mear maatregels nedich as dat se by Stiens yn it foar tochten.
Fuotbalfjild © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Stienzers hiene de oefenwedstriid kado krigen by in toernoai dat se wûnen yn 2017. Se moatte lykwols hiel wat mear regelje, as by in gewoan potsje fuotbaljen. Sa wie it fjild net goed genôch neffens Hearrenfean, sadat dêr hiel wat dagen wetter op sproeid wurde moast. It trochgean fan de wedstriid hat dêrtroch in skoft lang ûnwis west.

Fjild

De brânwacht yn it doarp, BV Sport mar ek boeren yn de omjouwing kamen de klup help oanbieden. Sadwaande waard it fjild sa opkalfatere dat it wer foldie oan de easken fan 'groundsman' by SC Hearrenfean Henk Schreuder.

Risiko

Ek is der mear befeiliging nedich, om't SC Hearrenfean de wedstryd ynskat as in wedstriid mei mear risiko as oars. Neffens in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert falt dat ta, al wurdt it wol in 'B'-evenemint neamt. Dêrtroch kin der bygelyks in tassekontrôle hâlden wurde.

Dochs bliid

Nettsjinsteande de ekstra maatregels binne se by SC Stiens wiis mei de Feansters, dy't nei sportpark It Gryn ta komme. Ek SC Hearrenfean seit it moai te finen om yn Stiens te spyljen.