Kramer: Mear treinen nei Snits, mar minder nei Mantgum

03 jul 2018 - 17:59

De provinsje wol dochs besykje om mei yngong fan 2020 yn 'e spits fjouwer treinen yn 'e oere fan Snits nei Ljouwert ride te litten. Mantgum profitearret dêr net fan mei. Krekt oarsom: Mantgum hat no trije treinen yn 'e oere en dat wurde der twa. Doarpsbelang Mantgum hat al oan deputearre Johannes Kramer witte litten dat se dêr net bliid mei binne.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Johannes Kramer oer de fjirde trein fan Snits nei Ljouwert

Neffens deputearre Kramer is it passen en mjitten om mear treinen ride te litten op in inkelspoar tusken Snits en Ljouwert. Mar as it heal kin moat it al, want de 1600 deistige treinreizgers tusken de Wetterpoartestêd en Ljouwert moatte no wol hiel faak stean. It doel is no om yn de spits moarns ekstra treinen fan Snits nei Ljouwert ride te litten en middeis ekstra treinen fan Ljouwert nei Snits.

Weake ûndergrûn

Prorail joech yn earste ynstânsje oan dat mear treinen yn 'e oere as trije net mooglik wêze soe. Fanwege de weake ûndergrûn by Mantgum kinne treinen dêr minder hurd ride as nedich is. Mar der is no in alternatyf betocht. Snits kin yn 'e spits fjouwer treinen yn 'e oere krije, mar as gefolch dêrfan stoppet de trein tenei noch mar twa kear yn 'e oere yn Mantgum yn plak fan trije kear no. Yn Mantgum stappe alle dagen yn trochsneed sa'n 250 minsken yn de trein nei Ljouwert. Kramer wol him dêrfoar ynspanne dat de trein út Mantgum wol in goede oansluting kriget op de treinen nei Grins en Zwolle, sadat de Mantgumers net al tefolle lêst krije sille fan de legere frekwinsje.

Oanpassingen op stasjon Ljouwert

"It soe fansels moaier wêze as de trein 140 kilometer de oere fan Snits nei Ljouwert ride kin. Dan kinne jo mear treinen kwyt", seit deputearre Johannes Kramer, "mar dat sit der spitigernôch net yn." De deputearre jout fierder oan dat ek de rails by it Ljouwerter stasjon oanpast wurde moatte om mear treinen fan en nei Snits ride te litten.

Feiligere oergongen

De provinsje stribbet dernei om takommend jier in beslút te nimmen oer de fjirde trein fan Snits nei Ljouwert. Tagelikertiid wurde der plannen makke foar it befeiligjen fan de lêste ûnbefeilige spoarweioergongen yn Fryslân. Op it trajekt Ljouwert-Snits wol de provinsje ûnder oare de spoarweioergong by Boazum oanpakke. De gemeente Súdwest-Fryslân hat al oanjûn dêr wol oan meiwurkje te wollen. Foar it befeiligjen fan alle ûnbefeilige spoarweioergongen is neffens Kramer in hegere finansjele bydrage fan it ryk nedich.

(advertinsje)