Rêder fan Balk: "Ik bin der sa yn sprongen"

03 jul 2018 - 17:35

Yn Balk binne in man en in frou mei de auto de grêft yn riden. Hoe't dat barre koe, is net dúdlik. Trije omstanners seagen it en sprongen derryn om de minsken te rêden.

Foto: Camjo Media

"Wy rieden mei de auto en de boat derachter oer de brêge", fertelt Christiaan Draaijer, ien fan de rêders. "Doe hearden wy in klap en skreauwen, en doe seagen wy in auto yn it wetter. Ik bin fuortendaliks út de auto wei spat, derhinne draafd en deryn sprongen. Der sieten twa âldere minsken yn. Ik haw earst de âldere frou derút helle."

Draaijer hat it net allinnich dien. Der kamen al gau oare minsken achteroan en dy hawwe de man derút helle. "De frou koe hiel min gean. Sûnder help wie se der net út kaam", seit Draaijer.

Ik bin der sa yn sprongen.

Christiaan Draaijer

"Ik haw der net in momint oer neitocht," seit Draaijer oer it momint dat er yn aksje kaam. "Ik hie de sinnebril noch op de holle en bin der sa yn sprongen. Myn bril bin ik kwytrekke. Oars hie ik dy wol oan de kant lein."

Christiaan en de oare omstanners hawwe de beide minsken nei de kant brocht. Oare omstanners hawwe se op de wâlskant lutsen. De slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

Hiel gewoan dat jo soks dogge.

Christiaan Draaijer

Draaijer wol der neat fan witte dat er de held fan Balk is. "Ik fyn it hiel gewoan dat jo soks dogge. Yn earste ynstânsje stiene de minsken op de kant te sjen. Der moat dochs ien deryn springe. Yn dit gefal wie ik dat as earste. Gelokkich kamen der gau oaren achteroan. Want allinnich rêde jo soks net op. "

Christiaan Draaijer sprong deryn om de minsken te rêden

Alder stel mei auto yn de grêft yn Balk
Trefwurden: 
auto Balk grêft
(advertinsje)