Bewenners flat Anjenplein Ljouwert werom nei hûs nei brân

03 jul 2018 - 17:20

De bewenners fan it flatgebou oan it Anjenplein yn Ljouwert, dêr't tiisdei brân útbruts, kinne harren apparteminten wer yn. Allinnich de útbrânde wenning op de tolfde ferdjipping is net bewenber. Fanwege de brân moasten sechstich flatwenningen ûntromme wurde en hûndert minsken moasten harren hûs út.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

By de brân yn de flat is asbest frijkaam, seit de gemeente Ljouwert. In spesjalisearre bedriuw is dat oan it oprêden. It asbest leit net op de galerijen fan de flat, mar wol op de balkons. De bewenners meie dêrom de earste twa dagen net op harren balkon komme.

De brân yn de flat fan tolve heech ûntstie flak foar tolve oere op de boppeste ferdjipping. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert brân flat Anjenplein
(advertinsje)