Ried Smellingerlân bûcht him oer Lawei-rapport

03 jul 2018 - 16:38

Yn Drachten is op dit stuit de gemeenteriedsgearkomst oan de gong oer it rapport oer de problemen mei de ferbou fan skouboarch De Lawei.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Yn it rapport konkludearret de enkêtekommisje dat der doedestiids flaters makke binne by de ferbou, dêr't de gemeente Smellingerlân as subsydzjeferstrekker bot belutsen by wie. Mar neffens de kommisje fine belutsen partijen lykas bestjoerders, dat sy neat ferkeard dien hawwe.

De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De enkêtekommisje seit yn syn advys ûnder mear dat it amtlik apparaat tenei net mear op de stoel fan de polityk sitten gean moat, sa't dat by dizze kwestje wol bard is. Fierders soe it better wêze om tenei by grutte projekten in spesjale organisaasje op te setten.

Trefwurden: 
Smellingerlân De Lawei
(advertinsje)