Benzinepomp fergruttet kapasiteit blauwe disel mei tsien kear

03 jul 2018 - 16:02

Benzinepomp Tamoil oan de Zwettestrjitte yn Ljouwert hat sûnt tiisdei in folle gruttere tank om oan de fraach nei blauwe disel foldwaan te kinnen. De pomp moast geregeld nee ferkeapje, seker no mei de provinsjale aksje fossylfrij nei it wurk: de Elfwegentocht fan LF2018 dy't duorret fan 1 oant 15 july. Ien fan de fossylfrije metoaden is op blauwe disel ride.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De gemeente Ljouwert is ek in grutte ôfnimmer, want de measte gemeentlike auto's ride op blauwe disel. De benzinepomp hie in ûndergrûnske tank fan 2000 liter, mar dy wie hiel gau leech. Der stiet der no in grutte giele tank fan 20.000 blauwe disel. Tamoil is de iennige benzinepomp yn Ljouwert dy't blauwe disel ferkeapet.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ep Hoekstra montearde mei in kollega de nije blauwe diseltank

Trefwurden: 
blauwe disel Tamoil
(advertinsje)