GGZ Friesland oanspraaklik steld foar dea kliïnt

03 jul 2018 - 12:56

De GGZ Friesland wurdt oanspraaklik steld foar de dea fan in kliïnt ferline jier. It giet om de 28-jierrige Arre van Rassel dy't yn Ljouwert yn in ienkeamerflat wenne fan MindUp, in ôfdieling fan GGZ Friesland. Neffens de mem is de GGZ tekoart sketten by de fersoarging fan har soan. Har advokaat Liesbeth Poortman hat dêrom de GGZ frege om binnen twa wiken de oanspraaklikheid te erkennen. Dy termyn rint tiisdei ôf.

Arre hie al sûnt syn jonge jierren psychyske problemen. Syn diagnoaze wie autisme mei eangst- en twangsteurnissen. Sa dronk hy faak liters wetter om't hy tocht dat dat sûn wie en der waard hy dan wer rêstich fan. Wierskynlik hat dat ek de deadsoarsaak west op 15 maart ferline jier. As je fierstente folle wetter drinke, kin je stjerre oan wetterfergiftiging.

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân

Flak foar syn ferstjerren belle Arre yn panyk mei 112. Hy wie wanhopich en sei dat it net goed mei him gong. Neffens advokaat Poortman hat de GGZ derop net adekwaat reagearre. De soarchynstelling hie boppedat witte moatten dat Arre in turbulinte perioade achter de rêch hie en dat hy grutte problemen hie, seit Poortman.

De GGZ hat neffens har op noch mear terreinen net goed hannele. Der binne gjin maatregels troffen om risiko's te kearen, der wie hast gjin gearwurking tusken de helpferlieners en de famylje is net goed op de hichte brocht hoe't it mei Arre gong. Boppedat hie Arre sjoen syn grutte problemen twongen opnommen wurde moatten, sa lit Poortman yn in brief oan de GGZ witte. Yn dy brief stelt de advokaat de GGZ Friesland oanspraaklik.

Selsportret Arre 2015 - Foto: Omrop Fryslân

De GGZ lit it folgjende witte yn in reaksje: 'Naar aanleiding van de dood van de 28-jarige Arre op 15 maart 2017, willen wij ons medeleven betuigen aan alle nabestaanden van Arre. Voorop staat dat zijn overlijden een tragedie is voor familie en andere naasten. Ook binnen GGZ Friesland, Synaeda en MindUp heeft het diepe impact gehad op betrokkenen, hoewel dat niet in verhouding staat tot het leed van de familie en van Arre zelf'.

De GGZ seit dat se begripe dat de famylje in skuldige oanwize wol. Mar ferfolget dat er 'geen oordeel of onderzoek is dat concludeert dat we verantwoordelijk zijn'. GGZ Friesland heeft zorgvuldig een prisma-onderzoek uitgevoerd waar dit ook uit komt. Dit is diepgaand en systematisch onderzoek volgens geldende richtlijnen. Daarnaast heeft de inspectie voor de gezondheidszorg geoordeeld dat dit adequaat is onderzocht. De inspectie heeft geen aanleiding gezien om nader onderzoek in te stellen. Vanzelfsprekend kunnen er altijd dingen beter. Maar er is geen oorzakelijk verband aangetoond met het overlijden'.

De GGZ wol graach mei de famylje yn petear en nûget de famylje út om te praten.

Trefwurden: 
GGZ Arre van Rassel
(advertinsje)