Undersyk nei asbest nei útslaande brân yn Ljouwerter flat, gebou ûntromme

03 jul 2018 - 12:16

Yn Ljouwert is de brânwacht tiisdei oan it begjin fan de middei útriden foar in útslaande brân yn in heech flatgebou oan it Anjenplein yn de wyk Bilgaard. Bewenners waarden evakuearre. De brânwacht hie it fjoer binnen in oere ûnder kontrôle. By de brân is nei alle gedachten asbest frijkaam. Dêr wurdt tiisdeitemiddei ûndersyk nei dien troch in spesjalisearre bedriuw. De bewenners meie fanwege it ûndersyk de kommende twa dagen net op it balkon komme.

It fjoer ûntstie yn in appartemint op de tolfde, en boppeste, ferdjipping. Sechstich apparteminten yn it gebou binne ûntromme. De brânwacht wie mei meardere ienheden oanwêzich en wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de oare wenningen. By oankomst fan de helptsjinsten wiene der wol al grutte reekwolken te sjen.

Foto: Kappers Media

De plysje sette it gebiet om it flatgebou hinne ôf mei linten. De brân waard opskaald nei 'grip' 1 yn ferbân mei de ûntromming fan it gebou en de opfang fan de troffen bewenners. Sy mochten werom nei harren appartemint as it asbestûndersyk dien is, sa waard earst bekend makke. Oant dy tiid binne de evakuearre minsken opfongen yn it wyksintrum fan Bilgaard. De bewenners mochten yn de rin fan de dei werom nei harren apparteminten, útsein de bewenner fan it appartemint dêr't de brân ûntstien is.

Foto: Kappers Media

Ferslachjouwer Timo Jepkema by de brân oan it Anjenplein

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Trefwurden: 
Ljouwert brân flat Anjenplein
(advertinsje)
(advertinsje)