Garyp wol earste ierdgasfrije doarp fan Nederlân wurde

03 jul 2018 - 11:59

Garyp wol graach it earste ierdgasfrije doarp fan Nederlân wurde. De gemeente Tytsjerksteradiel, Enerzjykoöperaasje Garyp en Doarpsbelangen Garyp ha by it Ryk in plan yntsjinne foar it programma proeftunen foar ierdgasfrije besteande wiken.

Gasfornús - Foto: Shutterstock.com

Neffens wethâlder Andries Bouwman kin Garyp lanlik sjoen in proeftún wurde foar it ierdgasfrij meitsjen fan in folslein doarp. It stribjen is om binnen fiif jier tachtich oant njoggentich prosint fan de seishûndert wenten yn it doarp fan it ierdgas los te keppeljen.

Ut ûndersyk soe bliken dwaan dat dit technysk mooglik is. De huzen wurde oansletten op it sinnepark by it doarp. Dêrneist wurde se better isolearre.

(advertinsje)