Lemster aak yn Warten útbrând

By in brân yn Warten is moandeitenacht in Lemster aak hielendal útbrând. De boat wie krekt hielendal opknapt en lei klear om út te farren. It skip lei yn it wetter achter de loads fan jachtwerf W. Bijlsma oan de Midsbuorren. Om't earst tocht waard dat de boat yn de loads lei, waard opskaald nei middelbrân.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar moast dêrnei noch wol neiblusse. Fan de aak is allinnich it kasko oer. In muorre fan de loads fan de jachtwerf rekke licht skansearre troch it fjoer.