Ljouwerter oanhâlden nei mishanneling frou

03 jul 2018 - 11:25

In 33-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn yn syn wenning yn Camminghabuorren oanhâlden foar it mishanneljen fan in 28-jierrige frou.

De plysje krige in melding fan in fjochtpartij tusken in man en frou. Doe't de plysje oankaam, wie de man al fuort. Nei it hearren fan tsjûgen socht de plysje de fertochte thús op. Hy sit no fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)