Plysje Ljouwert drok mei ferkearsoertreders

De plysje yn Ljouwert hie it moandei en moandeitenacht drok mei ferkearsoertrêders. Sa moasten se moandeis dravend achter in fertochte oan. De plysje seach in man en frou riden yn de Dokkumerstrjitte en sette harren auto oan de kant, om't de frou gjin autoriem om hie. Ut ûndersyk die bliken dat de man socht waard yn ferbân mei stellerij en mishanneling. De man naaide rinnendewei út, mar waard nei in koarte efterfolging oanhâlden. Hy krige in proses-ferbaal foar it riden sûnder rydbewiis en waard fêstset foar ûndersyk nei de oare saken wêrfan't hy fertocht wurdt.
In 24-jierrige frou út Ljouwert waard oanhâlden om't se oer de Peter Stuyvesantwei kuiere en net fan doel wie dêrmei op te hâlden. De frou woe har ek net legitimearje. Se hat in proses-ferbaal krigen. Yn Grou waard in 49-jierrige automobilist út It Hearrenfean oanhâlden, om't hy gjin rydbewiis hie. Ek dizze man krige in proses-ferbaal.