Stellen tablet mei help fan app weromfûn

03 jul 2018 - 10:47

In 61-jierrige Ljouwerter is moandei oanhâlden as fertochte fan it stellen fan in tablet út in auto, dy't op de Twabaksmerk stie. De man hie der net op rekkene dat de eigeneres út Burgum 'Find My iPhone' ynstallearre hie. Troch it sinjaal fan dizze app te folgjen, kaam de plysje út by in wenning oan de Lambert Jacobszstrjitte.

Yn de wenning fûn de plysje net allinnich de tablet werom, mar ek de 61-jierrige man waard oantroffen. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo en bliuwt oant de sitting by de plysjerjochter op 16 july fêstsitten.

(advertinsje)
(advertinsje)