''Utlittingen fraksjefoarsitter WB skealik foar polityk''

Fraksjefoarsitter Tom Hartog fan Weststellingwerfs Belang hat troch syn útlittingen en gedrach by Radio Centraal it oansjen fan de ried as polityk bestjoerlik orgaan earnstige skea tabrocht en yn diskredyt brocht. Dat sei de fraksje fan SDW moandeitejûn yn de gemeenteried. Hartog en it bestjoer fan Radio Centraal hawwe mominteel in skeel oer mooglik diskriminearjende útlittingen fan Hartog en oer syn funksje as behearder fan de Facebook-pagina fan de lokale omrop.
Tom Hartog (links) yn de studio fan Radio Weststellingwerf Centraal © Radio Weststellingwerf Centraal
SDW kaam dêrom mei in moasje weryn't stiet dat Hartog te let en net genôch ôfstân fan syn útlittingen naam hat. Yn de moasje freget SDW oan de fraksje fan Weststellingwerfs Belang om ôfstân te nimmen fan de útlittingen fan Hartog. Fanwege de lange aginda waard de moasje net behannele. It is oer it simmerreses hinne tild. Hartog sels sei dat hy it spitich fynt dat de kwestje net yntern bleaun is.