Kollum: "Adam: 'Sjoch Eva: ik bin in sprinkler!"

"God wie hast klear mei it skeppen fan de minske. Hy wie tefreden, mar der moasten noch twa saken ferparte wurde. Hy koe der net rjocht útkomme hoe't er dat dwaan soe, en dus betocht er dat er it likegoed oan Adam en Eva freegje koe. 'Ik ha twa dingen foar jim,' sei er, 'en jim moatte beslisse wa't wat krijt.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
It earste is de mooglikheid om steand te pisjen.' Adam ûnderbruts him fuortendrekt en rôp: 'Ja, jou dat oan my, mei ik dat ha, asjeblyft?' Adam sprong op en del en hinne en wer en hâlde mar oan. Eva lake, en sei tsjin God dat as Adam it sa graach ha woe, hy it ha mocht. Dat God joech Adam de mooglikheid om steand te pisjen. Adam wie sa entûsjast dat er oeral en nergens begûn te migen achter in rots, op in blom, hy skreau syn namme yn it sân en slingere syn pimel as de wjokken fan in helikopter yn 't rûn: 'Sjoch Eva, ik bin in sprinkler!' God en Eva seagen glimkjend nei Adam. Dêrnei sei God tsjin har: 'No, ik tink datsto dan opskipe sitst mei it lêste dat oerbliuwt.' Eva seach him oan en frege: 'En dat is?' Wêrnei't God antwurde: 'In brein'.
In bekende anekdoate om de ferskillen tusken manlju en froulju oan te tsjutten. Want dy binne der, al hoe genderneutraal en non-binêr de maatskippij ek wurdt. Op Amerikaanske universiteiten is it al de gewoante om minsken te freegjen mei watfoar persoanlik foarnamwurd se oansprutsen wurde wolle. Amerikanen dy't harren man noch frou fiele (saneamde non-binêre minsken), wolle yn mearfâld oantsjutten wurde. Dus: 'Janet ieten harren iten, want se hiene honger.' Oaren brûke selsbetochte wurden, lykas 'hir' of 'zey'.
Dat klinkt miskien absurd, en toch hat de gemeente Amsterdam al in taalgids foar harren amtners útbrocht mei spesjale oansprekfoarmen om transgenders of minsken sûnder dúdlik geslacht net foar de holle te stompen. Soks betsjut gjin 'beste dames en heren' mear, mar 'beste mensen'. Ien wurdt net omboud, mar is yn transysje. En jo wurde net berne as famke, mar 'by de berte sjoen as famke'.
Genderneutraliteit kin fier gean. De British Medical Association advisearre lêsten om tenei oer 'swangere minsken' te praten, yn stee fan oer 'memmen dy't yn ferwachting binne'. Sa hoege transmannen harren net beledige te fielen, want ek sy kinne swanger wurde. It is sa hyperkorrekt dat men de sloppe laits derfan krije soe. Wy kinne neat mear ha. Minsken binne samar kwetst, beledige of miskend.
Ik pleitsje fandienens foar in tsjinbeweging. Ien dy't de ferskillen just koesteret. Lykas it ynromjen fan de ôfwaskmasine (manlju pleure it deryn, froulju blike dêr in systeem foar te ha), it ophingjen fan in wc-rol (net mei de bledsjes tsjin de tegels oan, neffens de froulju), it rjochtingsgefoel fan froulju (as men links seit slaan se krekt sa maklik rjochts ôf), it ferskil yn humor (manlju rinne pears oan by Fred en Ria fan Draadstaal, froulju glimkje of skodholje). As in frou in entûsjast berjochtsje beantwurdet mei 'okee', dat in man 500 berjochten weromgean moat om te sjen wat er ferkeard sein hat.
Minsken binne minsken. Mei ferskillen om te koesterjen. Dat wy ris om ússels laitsje kinne."