Oantal selsdeadingen yn Fryslân bliuwt stabyl

03 jul 2018 - 06:03

Foarich jier hawwe 86 Friezen harsels tekoart dien. Dat binne der krekt wat minder as yn 2016. Yn trochsnee is dat reedlik stabyl, mar it rint wat op. Dat docht bliken út sifers oer 2017 fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Foto: Shutterstock

It tal selsdeadingen yn Fryslân yn 2017 lei krekt wat heger as de lanlike trochsnee. Yn Fryslân hawwe 13 op de 100.000 minsken harsels tekoart dien, lanlik wie dit 11 op de 100.000 minsken.

Jongeren

Opfallend is dat lanlik sjoen noch nea sa'n soad jongeren oant 20 jier harsels tekoart dien hawwe as yn 2017. Dochs is dit noch altyd de âlderdomskategory wêryn't it minst faak selsmoard pleegd wurdt.

Yn de leeftiidskategory fan 50 oant 59 jier wurdt it faakst selsmoard pleegd. Manlju plege mear as twa kear sa faak selsmoard as froulju.

Oare Europeeske lannen

It tal selsdeadingen yn Nederlân leit leger as yn de measte oare Europeeske lannen. In ferklearring hat it CBS dêr net foar.

Tanja Traag fan it CBS

Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.

Trefwurden: 
CBS selsdeading selsmoard
(advertinsje)