Pastoar út Snits jout seine oan satellytwein

02 jul 2018 - 23:16

De pastoar fan de Sint Martinustsjerke yn Snits sil yn augustus de mobile satellytwein fan United ynseinigje. United is in mobile omropoanbieder.

Foto: Euro Media Group

Sûnt koart hat United in op mjitte makke satellytwein, de HOL 7. De wein wurdt troch de omropoanbieder spesjaal ynset foar live-útstjoeringen fan bygelyks eucharistyfieringen.

Op snein 5 augustus wurdt de eucharistyfiering yn Snits live útstjoerd. De pastoar sil oanslutend it mobile weintsje fan United dat dit mooglik makket ynseinigje op it tsjerkeplein.

(advertinsje)
(advertinsje)