Bern entûsjast oer nije glydsbanen yn swimbad de Blauwe Golf

Minsken ha der lang op wachtsje moatten, mar lang om let kin der no fan de twa nije glydsbanen fan it Ljouwerter swimbad de Blauwe Golf ôfgliden wurde.
Bern glydzje troch nij glydsbaan fan de Blauwe Golf © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Bern entûsjast oer nije glydsbanen
De âlde glydsbaan soe ferline jier al ferfongen wurde, mar troch ferkearde tekeningen en krityk op de kleuren, waard de bou earst útsteld.

Op de foto

Ien fan de nije glydsbanen is 62 meter lang en is ynteraktyf. Swimmers kinne harren snelheid mjitte en komme op de foto. Dizze wurdt trochstjoerd nei harren mobile telefoan.
Op dit stuit binne de banen noch net folslein yn gebrûk, mar wurde der tests dien mei lûd, ljochten en effekten. Minsken kinne de banen yn de tuskentiid wol gewoan brûke.

"Rijen vol"

Badmaster Duncan Jongbloed fan it swimbad kin no al fernimme dat de glydsbanen populêr binne. "Normaal gesproken hebben we het rustig op de maandagavond, maar nu staan er rijen vol kinderen bij de glijbanen."