Frou út Ljouwert kriget wurkstraf foar oplichterij fia Marktplaats

02 jul 2018 - 22:46

In 21-jierrige frou út Ljouwert ferkocht guod op ynternet, mar levere it spul net. Se hat dêrom in wurkstraf fan fyftich oeren krigen.

Marktplaats - Foto: ANP

De plysje kaam har op it spoar fia de bankrekkens dêr't se de dupearren it jild op stoarte liet. De frou pleatste de advertinsjes op Marktplaats ûnder in falske namme en brûkte ferskillende e-mailadressen.

Rûnkomme

De frou seit dat se it dien hat, omdat se mei har húshâlding ûnder bewâld stiet. Fan it bedrach dat se de wike kriget, soe se net rûnkomme kinne. Dat slagge wol mei it jild dat se mei de oplichting fertsjinne.

Twa fan har slachtoffers ha in skeafergoeding yntsjinne. De frou moat oan dizze slachtoffers goed trijehûndert euro werombetelje.

(advertinsje)
(advertinsje)