Iepenbier Ministearje: oardel jier sel foar filmjen famkes yn klaaikeamer

02 jul 2018 - 22:32

It Iepenbier Ministearje (IM) hat moandei tsjin in 32-jierrige man út Gerkeskleaster oardel jier sel easke, wêrfan ien jier ûnder betingst. De man wurdt derfan fertocht dat er famkes yn in klaaikeamer filme hawwe soe.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man moast him fierder ek noch ferantwurdzje foar it yn it besit hawwen fan porno en it meitsjen dêrfan. It IM wol ek dat de man him psychysk behannelje lit en dat er tastimming jout foar kontrôles op syn kompjûter en telefoan.

Pinne mei kamera

De fertochte makke de foto's yn de klaairomten en dûsen fan fuotbalferiening GSVV út Gerkeskleaster. Hy die dat mei in kamera yn in pinne. De famkes ûntdutsen de pinne en ha dy ynlevere by harren âlden. Dy seagen dat der in kamera yn siet en skeakelen de plysje yn.

Dêrneist stiene op de kompjûter fan de man fjouwertûzen foto's fan berneporno. De offisier fan justysje hat yn de eask rekken holden mei de ferstanlike beheining fan de man. De útspraak is oer twa wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)