Koloniën-stjoergroep giet "vol goede moed" troch mei Unesco-oanfraach

02 jul 2018 - 22:14

De stjoergroep dy't fan de Koloniën van Weldadigheid wrâlderfgoed meitsje wol, wurket fol goede moed fierder oan it doel de koloanjes yn Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en België op de Unesco-list te krijen.

Koloniën van Weldadigheid - Foto: ANP

Unesco wiisde de oanfraach foar in wrâlderfgoedstatus ôf, mar jout de stjoergroep in nije kâns. Dy wurdt mei beide hannen oanpakt. Yn de stjoergroep sitte ek bestjoerders út de gemeente Weststellingwerf. Noardwâlde hat ek in koloanje.

"Wij zijn nog vol goede moed", seit wethâlder Jack Jongebloed fan Weststellingwerf, dy't ek yn de stjoergroep sit. "We hadden gehoopt de status nu al te krijgen, maar ik ben ervan overtuigd dat we de status de volgende ronde krijgen. We gaan aan het nominatiedossier werken om volgend jaar weer een poging te doen."

Advys Unesco

Neffens de Kommisje foar Wrâlderfgoed fan Unesco is de winsk fan de stjoergroep noch net foldwaande ûnderboud foar takenning fan de beskerme status as wrâlderfgoed. Sa is noch net dúdlik wêrom't de ferskate koloanjes byinoar hearre en ek binne der soargen oer de lettere oanpassingen fan de histoaryske doarpsgesichten.

De stjoergroep komt ynkoarten byinoar en sil dan in plan meitsje om de opmerkingen fan Unesco te ferwurkjen yn harren oanfraach.

Wethâlder Jack Jongebloed fan Weststellingwerf

(advertinsje)