Partijen tekenje akkoart oer ferfier betize persoanen yn Fryslân

Der is in akkoart tekene oer it ferfieren fan betize minsken yn Fryslân. Alle tweintich Fryske gemeenten, GGZ Fryslân, fersekerders, it Ryk, de plysje en de ambulânsetsjinsten tekenen hjir moandei in konvenant oer.
Undertekening fan it konvenant © Gemeente Ljouwert
Doel fan it konvenant is om betize minsken op in minder stressfolle wize te ferfieren dan dat no it gefal is.

Neutraal buske

Op dit stuit rint der yn Fryslân al in pilot om betize minsken te ferfieren. Der wurdt by de pilot op ynset dat betize persoanen net mear troch de plysje ferfierd en opsletten wurde.
It ferfieren mei in plysjewein of ambulânse soarget foar in stigma op betize minsken. Dêrom wurdt yn de pilot in neutraal buske mei helpferlieners nei in melding fan in betize persoan stjoerd, yn stee fan in plysjewein. Betize minsken ha help nedich, sa is it idee.
Der wurdt besocht om by de persoan thús it probleem fuortendaliks op te lossen. Hoe minder prikels foar de betize minsken, hoe better. Wannear't it net mooglik is it probleem direkt op te lossen, wurde de kliïnten mei it neutrale buske ferfierd. Yn it buske sitte helpferlieners fan de GGZ.

Suksesfolle pilot

De pilot wurket goed, fynt Evert Boomsma, projektlieder fan alle tweintich Fryske gemeenten by it ferfier fan betize persoanen. "Wy ha sûnt de start fan de pilot yn april santich ynsetten hân fan it nije buske. De helte fan dizze meldingen koe op lokaasje direkt oplost wurde."
"De betize persoanen hoegden dêrtroch net mei nei it plysjeburo of in GGZ-ynstelling", seit Boomsma. "Dit skeelt de plysje en ambulânse in protte wurk én is foar de kliïnten folle better."
Projektlieder Evert Boomsma
It akkoart dat moandei tekene waard, is der op rjochte om de helpferliening út de pilot takom jier struktureel te meitsjen yn Fryslân. It sukses fan de Fryske pilot hat de oandacht lutsen fan oare regio's. Sa sil Den Haag de Fryske metoade ynkoarten ek teste.