Burgumers meitsje wrâldbol en rinne op '8ste dag' nei Ljouwert

02 jul 2018 - 20:43

Yn Burgum is in grutte wrâldbol makke troch WereldBurgumer. Dizze organisaasje sil mei doarpsbewenners út Burgum op de '8ste dag' nei Ljouwert rinne.

In hantsje fol frijwilligers is drok oan it oerlizzen oan de picknicktafel foar it âld-molkfabryk yn Burgum. Wat moat der noch barre? Is elkenien yn it doarp op 'e hichte fan ús projekt? Wêr krije we noch mear minsken entûsjast?

Atsje Lettinga sit mei trije doarpsgenoaten oan de kofje en keek. Lettinga sit yn de organisaasje fan de WereldBurgumer, ûnderdiel fan De Reis.

Geramte

"It keunstwurk wêrmei't de Burgumers nei Ljouwert rinne moast echt by it doarp passe", fertelde Lettinga. "It moast wat wurde dêr't de ynwenners fan Burgum grutsk op binne en dat it ferhaal fan Burgum fertelt", sei se. Dat waard in wrâldbol. De bol waard makke fan hout en hat de foarm fan in geramte.

Yn de bol komme fjouwer miniatueren fan echte Burgumer dingen: de tsjerke, de poppestien en de BM'er. De bol hat in trochsneed fan twaenheale meter. Grutter kin ek net, want dan past er net troch de steechjes fan Ljouwert. Op in karke sille de ynwenners fan Burgum de bol mei nei Ljouwert nimme. De ynwenners neame it de Burgumer Mars en se ferwachtsje dat der sa'n trijehûndert minsken meirinne sille.

De tocht fan Burgum nei Ljouwert is 16,8 kilometer lang en begjint op 8 july om 00.00 oere. Minsken hoege net de hiele tocht mei te rinnen en kinne der ek foar kieze om mar in stikje mei te rinnen. Underweis binne der allegearre aktiviteiten, bygelyks muzyk en dûns.

"We moarnsite en bôle-ite mei elkoar", fertelde Lettinga. "It is foaral de bedoeling dat minsken harren frij fiele om in diel fan de tocht mei te rinnen", sei Lettinga.

Noch grutter

De wrâldbol wurdt in prototype fan wat de gemeente Tytsjerksteradiel wol. Dy binne sa entûsjast oer it wurk dat der in hiel grutte wrâldbol fan fjouwer meter grut yn Burgum komt te stean. Wannear't dizze wrâldbol klear is, is noch net bekend.

'8ste dag' is ûnderdiel fan it haadprogramma fan LF2018, in fergees evenemint en tige geskikt foar bern. In projekt fan keunstner Marten Winters. Omrop Fryslân stjoert op 8 july fan 13.00 oere ôf dizze kettingreaksje fan fiif oeren troch de Ljouwerter binnenstêd, streekrjocht út.

(advertinsje)