Minister Van Nieuwenhuizen besiket presintaasje elektryske fleantugen

02 jul 2018 - 20:16

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wie moandei op besite by de Ljouwerter fleanbasis. Reden hjirfan wie de presintaasje fan twa elektryske fleantugen.

Njonken de fleantugen wiene der ek trije elektryske auto's, twa elektryske motors en in Tesla op wetterstof. De fleantugen, auto's, motors en de Tesla kamen út alle wynrjochtingen nei Ljouwert ta om opheind te wurden troch de minister.

Minister Cora van Nieuwenhuizen

(advertinsje)
(advertinsje)