Stribjen nei duorsumheid by gemeente Harns komt fan ûnderop

02 jul 2018 - 20:01

De gemeente Harns is frij ambisjeus mei it kolleezjeprogramma oer duorsumheid. Ien aspekt dêroan is ekstra bysûnder. By de inisjativen wiene it net de politike beliedsmakkers dy't mei plannen kamen, mar de amtners sels.

Foto: OF, René Koster

Stribjen nei duorsumheid by gemeente Harns komt fan ûnderop

By de Elfwegentocht heakket Harns op ferskate wizen oan. Sa binne in soad meiwurkers fan de gemeente de kommende twa wiken fossylfrij op paad mei elektryske fytsen en in elektryske auto.

Blauwe disel

Boppedat tanke de diselauto's allegearre blauwe disel. Foar 20,18 euro meie amtners mei in diselauto in folle tank skjinne disel helje.

Neffens wethâlder Harry Boon passe de ideeën fan Fossylfrij Fryslân en de eigen amtners goed by de plannen dy't de gemeente sels ûntwikkelet. Hy hopet dat ek de ynwenners it projekt folgje sille.

(advertinsje)
(advertinsje)