Geert fileart #2: Reade Laas Pieter en Steenie Fenomeni

02 jul 2018 - 19:02

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

It keatsen stie snein wer ris op in frjemde manier yn de belangstelling. In reade kaart foar ús sympatike Feinsumer keatsfreon Laas Pieter van Straten. En read by it keatsen is bysûnder. Op de haadklassepartij fan Harns gie hy op de bon.

Wat barde der? Laas Pieter keatste mei syn maten Auke Boomsma en Marten Feenstra yn de earste omloop tsjin Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Stiif partij wie it. Dan betrêdzje twa man fan de wantekommisje it fjild fan Eendracht. Se lizze de partij stil op 4-3 en kontrolearje Laas Pieter syn want. Dat mei allegear. Stiet yn dy grutte brij fan regeltsjes fan it KNKB. Laas Pieter hat tongersdei in nije want helle by wantemakker Reinder Triemstra.

Foarskrift is dat dy want dan earst troch it keatsbûn keurd wurde moat en dan meie je der mei keatse. Earstfolgjende keuring: 9 july. Dus Laas Pieter hie oant dy tiid mei syn âlde want keatse moatten. Hy gie der lykwols fan út, bytsje nayf, dat hy oant dy tiid wol keatse mocht mei de nije want en dat it stimpel der dan nei 9 july wol op kaam. Mis dus.

Wantemantsjes komme it fjild op, lizze de partij stil en geane doelbewust op Laas Pieter ôf. Sa doelbewust dat je tinke: hmmm, foarkennis? Tipke hân út it fjild? Hoe dan ek: Laas Pieter is de klos. De wantemantsjes melde it fergryp oan skiedsrjochter Marinus Grond en dy kin dan (oar regeltsje) net oars as Laas Pieter de reade kaart jaan. Ein partij Van Straten.

It korps fan Harns spilet noch efkes "Vandaag is Rood" fan Marco Borsato, want fyngefoelichheid is net it sterkste punt fan de Harnzers. Laas dript ôf en der wachtet him in straf, út te sprekken troch de strafkommisje. En dan geane de ferhalen. Hoe lang sil Laas Pieter skorst wurde foar dit fergryp? Fiif, miskien seis partijen? Komt dielname oan de PC yn gefaar? Neffens in iverige haadklassekeatser net, want dy mient der hiel wis fan te wêzen dat de PC bûten it KNKB om organisearre wurdt. Ik help dy keatser efkes út de dream: de PC wurdt keatst ûnder de regleminten fan it KNKB, dus soe in skorsing ek jilde kinne foar dy partij.

Mar safier moat it fansels net komme. De lêste reade kaart dy't foel yn it haadklassekeatsen datearret fan 30 maaie 2010. Doe pakte Martijn Olijnsma skiedsrjochter Fokke van der Veen by de bealch en hy koe fertrekke. Straf (ik haw Martijn der efkes oer belle): 4 wedstriden skorsing. Set beide oertredings foar elkoar oer en je kinne net oars as ta de konklúzje komme dat yn dit gefal in mylde straf fan tapassing wêze moat. Lichaamlik geweld fersus nayf gedrach.

De want fan Triemstra mankearret neat oan, dat is wis. Dus it is eins in formeel fergryp fan Laas Pieter. Mei ik de strafkommisje in foarstel dwaan? Twa wedstriden en ien ûnder betingst. Fanwege nayf gedrach. En in warskôging fan de kommisje: "Noait wer dwaan Laas." En klear is it. En mei ik de wantemantsjes ek in advys jaan? Kom ris wat faker op de haadklasse! Mar kontrolearje dan wat breder. Ek de toppers. Want kontrôle op dy wanten is net ferkeard. Dat moat altyd wêze. Mar dit gefal hat dochs wol wat wei fan willekeur. En ek dat mei de strafkommisje meinimme yn syn oardiel.

Steenie Fenomeni!

En dan moatte wy it fansels noch efkes hawwe oer Tjisse Steenstra. Steenie Fenomeni! Jonges jonges, wat hat it keatsen in geweldich boechbyld yn de persoan fan Tjisse. Seis kear wûn hy dit jier al in frijeformaasjepartij, seis kear waard hy kening. Keatst noch mar amper trije jier op de haadklasse, wûn 42 earste prizen en waard 26 kear kening!

Steenie is yn bloedfoarm. In genot om nei te sjen. Sa jong en sa wis fan himsels. Op en út. Ien fan de pear keatsers dy't it net útmakket wat de stân is. Steenie slacht op mei risiko. Omdat hy it kin. Omdat hy it doart. Omdat hy yn foarm is. Tjisse komt út in ferneamd keatslaach en dat lit er sjen, alle wiken wer.

It moast efkes op gong komme dit seizoen. Fansels gie Gert-Anne van der Bos dit seizoen as earste opslagger fan start. Mar syn ritigens stie ultym súkses yn it paad. It roer gie, nei de nedige hurde wurden, om yn de formaasje Van der Bos, Triemstra en Steenstra. Van der Bos mei begjinne as foar-bêst-opslagger. Mar mist hy twa kear achter elkoar it perk, dan nimt Steenie ûnferbidlik de opslach oer. Net mear omgrieme oant it te let is, mar drekt yngripe. Dat is hurd foar Bossie, mar foarearst skikt de grillige opslagger him yn in rol fan twadde fioelist.

De fraach is lykwols: Hoe lang sil Van der Bos dat akseptearje? Hy sit no net echt lekker yn syn fel, mar as dat skylk wol wer sa is, dan sil it dreech wurde om sa'n byrol te akseptearjen. Mar yndachtich de wurden fan Wouter Bos oer de hege enerzjyprizen eartiids jildt hjir ek: "Wen er maar aan." Steenstra is fan kroanprins rap útgroeid ta kening fan it keatspeloton. Dêr heart status en ynfloed by. De kening bepaalt.

De absolute strukturele haadrol, dêr't hy oan wend wie, sil foar Gert-Anne van der Bos net mear weilein wêze. Mar Van der Bos is noch te goed om dat te akseptearjen. En dus liket der mar ien logysk paad foar Bossie. Ald-topkeatser Johan Okkinga wie der snein dúdlik oer: "Van der Bos moat op syk nei nije maten." Johan soe wolris gelyk hawwe kinne.

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(advertinsje)