Sportoersjoch: Zeinstra giet goed op it WK en reade kaart by it keatsen

02 jul 2018 - 17:46

Alle moandeis skoot ien fan ús sportferslachjouwers oan yn Fryslân Hjoed. Diskear hat Roelof de Vries it oer de tarieding fan SC Hearrenfean op it nije seizoen. Sneon oefene de ploech fan Jan Olde Riekerink tsjin Drachtster Boys.

En mear fuotbalnijs, want Erwin Zeinstra út Dronryp docht it goed as assistint-skiedsrjochter op it WK yn Ruslân. Hy mocht snein syn tredde wedstriid flagje. Wat is de kâns dat er de finale flagje mei?

Formule 2-koereur Nyck de Vries pakte ferline wike syn earste oerwinning fan it seizoen, dit wykein gie it lykwols minder goed.

By it keatsen wie der in frij unyk momint: Laas Pieter van Straten krige in reade kaart yn Harns. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en kening Tjisse Steenstra pakten harren fjirde krâns op rige.

En Thewis Hobma ljept de iene nei de oare oerwinning by elkoar. Op It Heidenskip wûn er alwer foar sânde kear.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)