Dútske frachtweinsjauffeur rekket ferwûne by botsing op Wâldwei

02 jul 2018 - 17:35

In frachtwein is moandeitemiddei op in buske botst by in tankstasjon op de Wâldwei (N31) by De Pein. De Dútske sjauffeur fan de frachtwein is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.

It buske - Foto: De Vries Media

It ferkear dat by it tankstasjon wei komt, kin fia it parkearplak de autodyk wer opkomme. Wêrtroch't de frachtwein op it buske botst is, is noch net dúdlik. De Verkeersongevallenanalyse is nei it plak fan it ûngefal kaam om út te sykjen hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
Wâldwei De Pein botsing
(advertinsje)
(advertinsje)