Man moat smertejild betelje nei fersprieden âlde neakenfoto's

02 jul 2018 - 16:42

In 40-jierrige man út Surhuzum moat fan de rjochter 750 euro smertejild betelje oan in frou fan wa't er fia WhatsApp neakenfoto's ferspraat hat. De foto's binne tweintich jier âld en sirkulearje al dy tiid al op ynternet.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De fertochte hie de bylden nei in kunde stjoerd. Dêr wiene net allinne de âlde foto's, mar ek it wurkplak en de famylje fan it slachtoffer op te sjen. It slachtoffer seit dat de fertochte har helpe soe om de persoan te finen dy't it filmke ferspraat hat, mar dat er dat net dien hat. Doe hat se in advokaat ynskeakele.

Njonken dat de man smertejild betelje moat, krige er ek in wurkstraf fan fjirtich oeren ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.

Trefwurden: 
rjochter WhatsApp neakenfoto
(advertinsje)