Lemster slim ferwûne nei oanriding mei trein

02 jul 2018 - 15:38

By in botsing tusken in trein en in auto oan it Hoendiep yn Grins is moandeitemoarn in 47-jierrige ynwenner fan De Lemmer slim ferwûne rekke. De man siet by in famke fan 17 yn de auto, dy't stil kaam te stean op it spoar.

Foto: De Vries Media

De bestjoerster fan de auto skrok fan de lûdssinjalen fan de spoarweioergong. De motor sloech ôf en dêrtroch koe it famke net mear op 'e tiid fuortride. De masinist fan de trein koe in oanriding net foarkomme en ried tsjin de kant dêr't de byrider siet. Dy rekke troch de klap slim ferwûne. De bestjoerster kaam mei de skrik frij.

(advertinsje)