Oprop Veiligheidsregio Fryslân: wês wach op natuerbrannen

02 jul 2018 - 15:35

Veiligheidsregio Fryslân freget elk om wach te wêzen op natuerbrannen. Troch de oanhâldende drûchte en waarmte is der op it stuit in ekstra grut risiko op in natuerbrân.

Natuerbrân - Foto: ANP

Neffens de feilichheidsregio ûntsteane dy hast allegearre troch minsklik gedrach, trochdatst in peuk fuortsmytst of troch in stik fuortsmiten glês dêr't de sinne op skynt.

112

De organisaasje ropt op om net te smoken yn natuergebieten, om de auto net yn heech, drûch gers te parkearjen en om glês yn de ôffalbakken te smiten. As der dochs brân ûntstiet, advisearret de feilichheidsregio om it net sels út te meitsjen, mar dysels yn feilichheid te bringen en 112 te beljen.

Op www.natuurbrandrisico.nl is te sjen wêr't natuerbrânrisiko spilet. It risiko wurdt werjûn yn twa fazen: in faze wêryn't sprake is fan in regulier risiko en in faze wêryn't elk frege wurdt der ekstra om te tinken. De mjitstasjons mjitte ûnder oare de wyn, de temperatuer, de drûchte en de luchtfochtichheid.

KNMI

Yn kombinaasje mei bygelyks de meteogegevens fan KNMI en Buienradar, ynformaasje fan natuerbehearders en brânwachtsaakkundigen út it fjild en eigen waarnimmingen wurdt de faze foar in natuerbrân yn in feilichheidsregio bepaald.

(advertinsje)