Ien persoan ferwûne by ûngelok op N356 by Waaksens

02 jul 2018 - 15:05

By in ûngelok op de N356 tusken Waaksens en Holwert is ien persoan ferwûne rekke. Twa auto's kamen dêr moandei om 12.00 oere hinne mei elkoar yn oanriding.

Foto: De Vries Media

In ambulânse wie teplak om earste help te ferlienen. De ferwûne bestjoerder is oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje hat in diel fan de dyk ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Holwert oanriding N356 Waaksens
(advertinsje)